Wurkfergunning foar Calincov

21 aug 2004 - 09:28

De wurkfergunning foar de Moldavyske fuotballer Denis Calincov is rûn. Calincov tekene in pear wike ferlyn in kontrakt by fuotbalklup Hearrenfean. Mar de 18-jierrige linksbûten mocht yn de kompetysje net mei dwaan salang't er gjin wurkfergunning hie.

Trainer Gertjan Verbeek hat Calincov kommend wykein noch net opnaam yn de seleksje foar de wedstriid tsjin Roda JC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)