Wurkbesite oan Brussel sukses

25 nov 2011 - 07:57
  •  John Jorritsma

De wurkbesite fan in groep provinsjebestjoerders oan it Europeesk Parlemint, wie needsaaklik om Fryslân yn Brussel op de kaart te setten. Dat seit Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. Doel fan de wurkbesite wie om te praten mei Europarlementariërs, amtners en it bedriuwslibben. Mei de kennis dy't dat opsmiten hat moat saken dwaan mei Brussel yn de takomst folle makkeliker wurde. En dat is hurd nedich, no't de Europeeske Uny yntusken 27 lidsteaten hat, wylst it Europeeske budzjet net grutter wurdt.

Om dan in kâns te meitsjen op bygelyks Europeeske subsydzjes, moatte je jesels as Fryslân goed sjen litte, seit Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)