Wurk yn Akkrum oan spoarbrêge

09 okt 2006 - 13:46

Yn Akkrum kin fan dizze wike ôf oerlêst ûntstean troch frachtauto's en skippen dy 't sân bringe. De spoarbrêge yn it doarp wurdt ferhege en foar de nije talúds is in soad sân nedich.

De spoarbrêge wurdt nei 3,5 meter ophege, sadat hast alle skippen der ûndertroch kinne. Ynkoarten wurdt ek út ein set mei de oanlis fan in tunnel. Dy komt yn 't plak fan 'e spoarwei-oergong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)