Wurk wenwyk Harinxmaland los

25 jun 2010 - 16:19
  • Wethâlder Bargboer by de start fan Harinxmaland

It wurk oan de nije Snitser wenwyk Harinxmaland is freed lang om let fan start gien. Wethâlder Jan Bargboer joech it startsein foar it grûnwurk. De gemeente hie ferline jier begjinne wollen mei de oanlis fan de nije wyk oan de noardkant fan Snits, mar troch de resesje is dat net slagge.

Yn gearwurking mei wenningkorporaasje Accolade en VDM Woningen kin de bou fan de earste 80 wenten no nei de simmer begjinne. Yn de nije duorsume wenwyk giet alles op elektrysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)