Wurk Van Vollenhoven yn Warkum

24 aug 2012 - 19:18
  • Van Vollenhoven yn de Gertrudistsjerke yn Warkum
  • Foto's fan Pieter van Vollenhoven
  • Van Vollenhoven jout útlis

Pieter van Vollenhoven hat freed de útstalling 'Door de Lens van prof. mr. Pieter van Vollenhoven' yn Warkum iepene. It giet om foto's dy't er makke hat op de Veluwe. It is in inisjatyf fan de Stichting Beeldenstad Workum. It wurk hinget yn de Sint Gertrudistsjerke.

Van Vollenhoven wie net de earste kar fan de organisaasje. Se hiene twa oare fotografen op it each, mar omdat dy net beskikber wiene waard Van Vollenhoven frege. Dêrmei hie er neffens in sprekker de brûnzen medalje wûn.

De opbringst fan de útstalling giet nei slachtofferhelp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)