Wurk Theun de Vries oerlange

22 mrt 2008 - 10:19

Leo van der Ster út Rijssen hat syn Theun de Vries biblioteek skonken oan it Theun de Vries Genootschap. De kolleksje is unyk en bestiet út mear as 150 boeken en gedichten fan Theun de Vries. Freed sette Van der Ster syn hantekening ûnder de skinkingsakte.

De biblioteek hat in plakje krigen yn de Schierstins yn Feanwâlden, it bertedoarp fan de skriuwer. Der sitte ek noch oare saken yn de kolleksje, lykas foto's en in paspoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)