Wurk sykje fia #wurk

10 des 2011 - 11:08

Wurkleazen kinne tenei op Twitter nei banen sykje. De webside www.wurkfanfryslan.nl is sûnt freed aktyf. Fia #wurk kinne fakatueres, staazjes en ôfstudearplakken fûn wurde.

Wurk fan Fryslân is in inisjatyf fan A7 Westergo, de Keamer fan Keaphannel, en fan Fan Fryslân dat Fryslân ûnder de oandacht bringe wol fan bedriuwen, studinten en toeristen. It projekt moat de Fryske ekonomy stimulearje troch bedriuwslibben en studinten by mekoar te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)