Wurk Snitser rûnwei op skema

17 okt 2007 - 11:43

It wurk oan de rûnwei fan Snits leit wer op skema. Tiisdeitenacht moast oant healwei trijen trochwurke wurde, omdat it wurk achterop rekke wie. Dat kaam omdat materiaal foar de fundearing folle letter kaam as dêr't op rekkene wie.

Woansdei is begûn mei it asfaltearen. De projektlieding ferwachtet dat it wurk oan de rûnwei fierder neffens planning gean sil. Moandei moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)