Wurk Slingepark leit noch stil

10 jan 2008 - 20:20

Der is noch gjin oannimmer fûn foar it ôfmeitsjen fan it wurk oan it Slingepark yn Drachten. Ein ferline jier hat de gemeente Smellingerlân it wurk stillein, omdat de oannimmer fan doe him net oan makke ôfspraken hold.

Der nije oannimmer moat it wurk foar de kommende simmer ôfmeitsje. Dat is in healjier letter as earder de bedoeling wie. Smellingerlân wol fan it Slingepark in iepen stedspark meitsje mei rekreaasjefoarsjennings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)