Wurk Slingepark Drachten stil

19 des 2007 - 16:36
  • It Slingepark oan de râne fan Drachten

De gemeente Smellingerlân hat de wurksumheden oan it Slingepark stillein. De oannimmer hat dien krigen omdat er him hieltiid net oan de ôfspraken hâlden hat. Der wurdt no in oare oannimmer socht, dy't it wurk begjin takom jier wer oppakke moat.

It Slingepark, dat earder fol mei grien stie en ferwyldere wie, moat in iepen park wurde mei tal fan rekreaasjefoarsjennings en in fytspaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)