Wurk Ruterskertier útsteld

29 mrt 2007 - 17:45

De start fan de werynrjochting fan it Ruterskertier is trije wike útsteld. Op fersyk fan inkele partijen begjinne de wurksumheden pas op 7 maaie. It wurk soe oars heal april begjinne, mar no wurde earst Keninginnedei en Befrijdingsdei ôfwachte.

De oanpassings moatte in ein meitsje oan de ûndúdlike situaasje dy't der no is. De dyk wurdt smeller makke sadat it dúdliker is dat it net giet om in trochgeande dyk. 20 july is it klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)