Wurk Polderhoofdkanaal wer los

19 maaie 2011 - 12:20
  • It Polderhoofdkanaal by Nij Beets (foto: Omrop Fryslân)

It wurk oan it Polderhoofdkanaal giet wer fierder. It kanaal wurdt net weriepene, mar de rydplaten wurde fuorthelle. Dy kamen der nei't it wurk yn 2008 stillein is. Op dat moment lei de dyk derút by de Schoustraslûs. De stielen platen wiene bedoeld as tydlike maatregel.

Oer it kanaal by Nij Beets is al jierren in soad te dwaan. De gemeenteried praat op 4 july oer de mooglike weriepening. Tsjinstanners tinke dat de natuer dêr skea fan hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)