Wurk Polderhoofdkanaal begjint

07 feb 2006 - 08:19

It earste wurk foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal tusken de Feanhoop en de Nije Feart begjint nije wike. Opsterlân en Smellingerlân ha advysburo Haskoning dêr opdracht ta jûn.

Troch de weriepening fan it kanaal moatte njoggen fan de tsien brêgen oer it kanaal fernijd wurde. Buro Haskoning sil dêr ûntwerpen foar meitsje. Fierder sil it de planning fan it fierdere wurk meitsje en de kosten berekkenje. De tarieding duorret in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)