Wurk Picasso yn Museum Drachten

04 aug 2015 - 17:30
  • Museum Dr8888

Yn Museum Drachten is fan ein dizze moanne ôf in útstalling te sjen mei grafysk wurk fan keunstner Pablo Picasso. It giet om wurk dat hy makke nei 1945. Mei help fan samlers binne der yn it museum aanst 113 grafyske wurken fan de ferneamde keunstner te sjen. Neist fellen yllustrearre hy ek boeken mei etsen, lito's en oare druktechnyk.

It Drachtster museum is grutsk op de wurken dy't se útstalle mei en rekkenet op in soad publyk. De útstalling 'Que Viva Picassois' is te sjen oant novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)