Wurk oan Werpsterhoeke: dyk diels ticht

10 apr 2015 - 14:20

Knooppunt Werpsterhoeke by Ljouwert is it kommend wykein diels ôfsletten. Fan freedtejûn ôf oant en mei moandeitemoarn binne guon ferbiningsdiken en ôfritten ticht. It giet om de ôfritten rjochting Ljouwert-Súd/Goutum foar minsken fanút de rjochtingen Harns en It Hearrenfean.

Ferkear wurdt omlaat fia de oansluting Hemriksein en de Drachtsterwei. Ek de N31 fanút Drachten rjochting It Hearrenfean is by it knooppunt ticht. Der is in koarte omlieding ynsteld fia de de op- en ôfrit Ljouwert-Súd en de Oeriselseleane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)