Wurk oan Wâldwei letter klear

06 mrt 2005 - 13:01

It wurk oan de Wâldwei sil nei alle gedachten langer duorje as foarsjoen. Op 1 april soe de fernijde dyk op it stik tusken Nyegea en Garyp iepengean, mar troch de snie fan de ôfrûne dagen, wurdt it letter. Fanwege de froast kin op it stuit net asfaltearre wurde. It duorret no twa of trije wiken langer foardat de dyk frijjûn wurde sil.

De tsjinslach hat gjin gefolgen foar it folsleine Wâldweiprojekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)