Wurk oan telefoansintrales MCL

20 nov 2007 - 12:17

De MCL-sikehûzen yn Ljouwert en Harns binne tiisdei tusken acht en tsien oere minder goed telefoanysk te berikken. Der wurdt wurke oan de ynterne telefoansintrales.

Trochkiesnûmers binne net te berikken mar de algemiene nûmers wol. Dat jildt ek foar de soarchynstellingen fan 'e sikehûzen lykas De Batting en de GGZ yn Harns en Nieuw Mellens en de bloedbank Ljouwert. Oer it algemiene nûmer binne dy noch wol berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)