Wurk oan strjitten Westergeast

29 okt 2013 - 11:02
  • It wurk yn Westergeast is begûn

De grutte opknapbeurt fan Westergeast is tiisdei úteinset. De Eelke Meinertswei, Bumawei en Van Teyenswei wurde smeller makke. Njonken de Eelke Meinertswei komt in fuotpaad en fierders wurde de krusings fan de strjitten heger.

It wurk set in dei letter útein as earst it doel wie. Yn ferbân mei de stoarm fan moandei is it in dei útsteld. De opknapbeurt moat yn juny 2014 klear wêze. It projekt kostet 564.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)