Wurk oan spoar nei Zwolle

21 okt 2012 - 14:49
  • NS-trein

Treinreizgers moatte takom wike rekken hâlde mei fertragings yn 'e rjochting Zwolle. ProRail sil fan tongersdei 25 oant en mei snein 28 oktober wurkje oan it spoar tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De NS set bussen yn om de passazjiers te ferfieren. De ekstra reistiid is in kertier oant in healoere.

Der binne twa soarten bussen. De stopbussen dogge ek de tuskenlizzende stasjons Akkrum en Grou-Jirnsum oan, de snelbussen ride yn ien stik troch fan Ljouwert nei It Hearrenfean en werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)