Wurk oan spoar Ljouwert-Starum

03 apr 2008 - 21:20
  • Der ride trije dagen lang gjin treinen tusken Ljouwert en Starum.

Der ride trije dagen lang gjin treinen tusken Ljouwert en Starum. Dat is omdat der wurke wurdt oan it stik spoar. Der komt ûnder oare in nije spoarbrêge by Boazum en de spoarbrêge by Hylpen wurdt heger makke. Ek wurdt in tal spoaroergongen oanpast.

Fan freed 4 oant en mei snein 6 april wurde der bussen ynset tusken Ljouwert en Starum. Dy dogge der wol in healoere langer oer as de treinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)