Wurk oan spoar Ljouwert-H'fean

25 okt 2006 - 10:20

Reizgers dy't dizze wike mei de trein fan Ljouwert yn de rjochting fan It Hearrenfean reizgje wolle, moatte rekken hâlde mei fertraging. Der wurdt wurke oan it spoar en dat betsjut dat der allinnich bussen ride.

Der komme nije wiksels en it spoar op de spoarbrêge by Akkrum wurdt fernijd. Ek wurde de perrons by it stasjon Grou-Jirnsum ferlingd en wurdt de spoarbrêge by Ljouwert ferbettere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)