Wurk oan spoar leit op skema

12 jul 2007 - 07:31

It wurk oan it spoar tusken Ljouwert en it Hearrenfean leit op skema. Alve dagen lang ride der gjin treinen op it trajekt, mar bussen. Dat is benammen omdat de spoarbrêge by Akkrum ferfong wurde moat. De nije brêge is der yn de nacht nei tongersdei yn takele. Op oare plakken wurdt grut ûnderhâld oan it spoar dien.

Mocht it wurk neffens de planning ferrinnen bliuwe, dan kinne der nije wike woansdei wer treinen ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)