Wurk oan rûnwei duorret langer

30 jun 2010 - 17:08
  • It opûnthâld yn Snits sil langer duorje

Ferkear op de rûnwei fan Snits hat langer te krijen mei opûnthâld. De planning wie dat dizze wike nij asfalt oanbrocht wurde soe op it stik tusken de Ljouwerterwei en it Houkesleatakwadukt. Fanwege de strange winter moat der lykwols mear dien wurde as tocht, en dêrtroch duorret it wurk noch oant heal july.

It mearwurk kostet de gemeente ien oant oardel ton. Dat jild wurdt út de reserve helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)