Wurk oan ôffaloven stillein

28 aug 2010 - 15:19
  • It wurk oan de stoomlieding fan de sintrale fan Omrin waard sneon stillein

De Stichting Afvaloven Nee hat sneon de plysje it wurk oan de ôffaloven yn Harns stillizze litten. De minsken fan de stichting konstatearren dat der wurke waard oan de stoomlieding, wylst dat wurk dizze wike stilllein wie.

De fergunnings foar dat part fan it wurk binne ynlutsen. De plysje is derby helle en hat proses-ferbaal opmakke. De gemeente wurdt moandei op de hichte brocht fan de yllegale wurksumheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)