Wurk oan nije brêge Alphen aan den Rijn ferrint goed

06 apr 2016 - 19:55

It earste part fan de wurksumheden oan it nije brêgedek yn Alphen aan den Rijn is woansdei goed ferrûn. Doe is de saneamde ballastkist te plak setten. Tongersdeitemoarn wurde de oare ûnderdielen pleatst. It brêgedek sels wurdt healwei maaie ynstallearre.

Ferline jier gong it pleatsen ferkeard. It stik brêge foel en ek twa kranen gienen om. Se foelen boppe op in tal gebouwen. BSB Staalbouw fan Sumar is belutsen by de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)