Wurk oan krusings Hemriksein

28 jun 2014 - 07:59

Ferkear dat fan en nei Ljouwert wol oer de Drachtsterbrêge, hat te krijen mei oerlêst. Dit wykein en de kommende twa wykeinen binne de op- en ôfritten by fiadukt Hemriksein nei de Wâldwei ta ôfsletten. Ek de Drachtsterwei is ticht tusken de krusing nei Suderbuorren ta en Hemriksein. It ferkear sil trije wykeinen lang tusken freedtejûn en moandeitemoarn omlaat wurde.

De Wâldwei sels tusken Hemriksein en Werpsterhoeke is wol gewoan iepen. It wurk hat te krijen mei de Heak om Ljouwert. Ein dit jier moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)