Wurk oan kanaal begûn

19 sep 2007 - 12:43
  • It Polderhoofdkanaal

Smellingerlân en Opsterlân begjinne dochs mei it wurk oan it Polderhoofdkanaal. As earste wurdt de Suderslûs opgroeven en oanpakt.

Tsjin it útdjipjen fan it kanaal rinne noch prosedueres, fanwege de bysûndere flora en fauna. Mar de gemeenten ferwachtsje elk momint in ûntheffing en skatte it risiko dat dit wurk om 'e nocht is, net grut yn. As it projekt net foar de simmer klear is, rint it prorjekt Europeeske stipe mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)