Wurk oan It Potskar by de Snitsermar sjit op

06 mrt 2016 - 15:25

De werynrjochting fan It Potskar oan de Snitsermar sjit al behoarlik op. It gebiet yn it ferlingde fan De Potten is flink oer de kop helle. Sa binne der nije sletten, sompe en baaien oanlein. Dat moat ûnder oare de djerreblommen werom bringe. Eartiids wie It Potskar bûtlân dat regelmjittich ûnder wetter stie. Ek hopet Steatsboskbehear dat de hoants wer werom komt en net allinnich as gast, mar as briedfûgel.

Foar de besikers is der ûnder oare in kanorûte ferlinge en in fûgelhûs mei in flearmuzeferbliuw. Dizze maitiid moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)