Wurk oan Heak om Ljouwert: ferkearshinder

06 nov 2014 - 19:26

De N31 tusken Hemriksein en Werpsterhoeke wurdt takom wike fan tiisdei oant en mei freed alle nachten ôfsletten yn ferbân mei wurk oan de Heak om Ljouwert. Ferkear rjochting It Hearrenfean moat dan omride oer de Drachtsterwei. Automobilisten dy't fanút It Hearrenfean komme moatte woansdei- en tongersdeitenacht oer Hemriksein en Ljouwert-East de stêd ynride.

Fierder is moandei oerdei de ôfrit nei Wurdum en tiisdei de Oeriselseleane rjochting Drachten ticht. De Heak om Ljouwert wurdt op 18 desimber iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)