Wurk oan Europaplein Ljouwert mei trochgean fan de rjochter

02 feb 2016 - 20:48
  • It foarwurk wie al dien, de markante fontein waard earder al fuorthelle

De gemeente Ljouwert mei trochgean mei de wurksumheden oan it Europaplein yn Ljouwert. Dat hat de Rie fan Steat besletten. Omwenners fan it Europaplein en ek it Ljouwerter Eurohotel easken dat de gemeente it wurk fuortendaliks stilleit. Se fine dat de gemeente Ljouwert mei geweld oer it kultuerhistoaryske Europaplein hinne walst. Boppedat soe it hotel troch de wurksumheden net mear goed berikber wêze.

De foarsjenningsrjochter fynt dat der soarchfâldich wurke wurdt. Stillizzen fan it wurk soe noch gruttere swierrichheden opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)