Wurk oan dyk by Meppel

08 jul 2009 - 09:52

Rykswettersteat wurket dit wykein by Meppel oan de dyk tusken de A28 en de A32. Dat betsjut dat ferkear rjochting Fryslân langer ûnderweis is. It wurdt nammentlik omlaat troch Meppel.

It wurk begjint freedtejûn om 22.00 oere en duorret oant moandeitemoarn 05.00 oere. It wurk oan de ferbiningsdyk makket diel út fan it oanlizzen fan it knooppunt Lankhorst. Dat knooppunt moat ein dit jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)