Wurk oan dyk Drachten-Twizel

16 jul 2006 - 17:48

In part fan de provinsjale dyk tusken Drachten en Twizel is tiisdei en woansdei ticht, omdat der oan deroan wurke wurdt. It giet om it stik tusken de Houtigehaachsterwei en de ôfslach De Rottefalle-Noard. It asfalt op 'e dyk krijt in ûnderhâldsbeurt.

It wurk begjint tiisdeitemoarn om sân oere en is nei alle gedachten woansdeitejûn om sân oere dien. Der stean buorden om it ferkear om te lieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)