Wurk oan Drents Friese Wold

01 sep 2014 - 11:35
  • Nasjonaal park Drents Friese Wold

Kuierders en fytsers moatte fan oktober ôf rekken hâlde mei oerlêst troch wurksumheden yn de bosk fan nasjonaal park it Drents Friese Wold. Steatsboskbehear set fan oktober ôf útein mei de ûnderhâldswurksumheden yn de bosk, om sa te soargjen foar in fariearre bosk.

Oarspronklik is de bosk yn it nasjonaal park oanlein foar de houtproduksje. Troch nije beammen te plantsjen en foar iepen plakken te soargjen, wurdt de bosk oantrekliker foar minsken en bisten.

De ûnderhâldswurksumheden wurde útfierd mei grutte masines, dy't foar tydlik oerlêst soargje kinne. It ûnderhâld duorret oant en mei begjin maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)