Wurk oan de brêge yn Wergea lang om let útein set

09 apr 2016 - 08:59
  • De brêge yn opbou

It is passen en mjitten sneontemoarn betiid yn Wergea. Sûnt fjouwer oere ride grutte weinen troch it doarp. De reden: de brêge wurdt fernijd. De âlde brêge wie al lang net feilich mear. It doarp hat lang striden foar ferfanging. En no is it safier. In grutte operaasje, ek foar kraanbedriuw BKF út Frjentsjer. Sy moatte alles yn goede banen liede. As earste is it brêgedek teplak brocht. De klus is benammen dreech om't it yn de bebouwde kom is, mei nauwe strjitten en parkearde auto's.

Ynwenners fan Wergea moasten wilens it wurk in fuotgongersbrêge brûke, ek is frege om harren auto sa te parkearen dat it wurk der gjin lêst fan hat. In protte minsken hiene dit dien, mar dochs wiene der wat útsûnderings. Dochs hat dit net foar grutte problemen soarge, sa seit bedriuwslieder Hans Plat.

It wurk luts fuortendalik al wat publyk. Ien fan de kraanmasinisten hat dêrnjonken ek noch in Go-Pro kamera op de toer fan de tsjerke set. De ferwachting is dat dizze bylden letter online komme, sadat de Wergeasters dy't útsliepe wolle dochs noch sjen kinne wat der yn harren doarp bard is. De brêge moat op 26 april wer brûkt wurde kinne troch it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)