Wurk oan de A31

20 sep 2009 - 12:22

Op de autodyk A31 tusken Frjentsjer en Mullum begjinne moandei asfaltearringswurksumheden. It wurk giet ek nachts troch. Yn ferbân mei de wurksumheden is der mar ien rydstrook beskikber en auto's meie mar 70 kilometer yn 'e oere ride.

Yn de nacht wurdt ek in oantal op- en ôfritten ôfsletten. De wurksumheden op de A31 duorje oant en mei tongersdei. Freed begjint der ek wurk op de A32. Dy dyk wurdt ôfsletten tusken Ljouwert en It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)