Wurk oan carpoolplak Warkum set nije wike útein

20 apr 2016 - 11:30

De provinsje set kommende wike útein mei de oanlis fan in carpoolplak by Warkum. It parkearplak komt by de rotonde, op de krusing tusken de Sudergoawei en de Spoardyk. Fanwegen de wurksumheden is de Spoardyk fan nije wike tiisdei ôf in wike lang ticht.

Der wurdt dan in ekstra ôfslach rjochting it carpoolplak oan de rotonde taheakke. Om ek de fytsrûte feilich te hâlden, komt der in apart paad tusken de fytstunnel en it parkearplak. Healwei juny moat it carpoolplak yn gebrûk naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)