Wurk oan brêge yn Tsjerkwert duorret langer

15 mrt 2015 - 12:17
  • De brêge yn Tsjerkwert

It wurk oan de Panhúsbrêge yn Tsjerkwert duorret langer as ferwachte. De brêge yn de dyk tusken Boalsert en Warkum kin snein oerdeis en sneintejûn ek noch net brûkt wurde. Sneintenacht tolve oere is de brêge wer klear. Fytsers en kuierders kinne salang mei in pont oer. It autoferkear wurdt omlaat.

De brêge wie tenein en is no fernijd. Der komt gjin brêgewipper mear op de Panhúsbrêge. De brêge wurdt tenei út Warkum wei betsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)