Wurk oan brêge Lytse Piip yn sintrum fan Dokkum

23 feb 2015 - 07:25
  • Lytse Piip
  • Lytse Piip

Brêge de Lytse Piip tusken de Eastersingel en de Ealsumerpoarte yn Dokkum is fan moandei ôf fjouwer wiken ticht foar ferkear. De brêge is der min oan ta. Der is betonrot oantroffen ûnder de brêge en de kademuorren by it Nauw fan de Koarnmarkt binne yn minne steat.

Dizze wiken wurde kabels en liedings yn de Lytse Piip ferlein as tarieding op wurksumheden oan de brêge letter dit jier. De brêge moat ein maart wer iepen wêze foar it ferkear. Yn de perioade septimber oant en mei desimber wurde de brêge en de kademuorren sels oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)