Wurk oan akwadukt Ritsumasyl

08 okt 2014 - 07:23

It lek yn it nije akwadukt yn de Heak om Ljouwert by Ritsumasyl wurdt woansdei makke. Der is in nije rubberen ring pleatst dy't der foar soargje moat dat it akwadukt wer wetterticht wurdt. Dy ring wurdt woansdeitemoarn opblaasd. It proses is te fergelykjen mei it oppompen fan in fytsbân.

Om dit te dwaan wurdt it skipfeartferkear tydlik stillein. Dat is nedich om't it wetter net yn beweging wêze mei, want dat kin der foar soargje dat de rubberen ring ferpleatst wurdt foardat er opblaasd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)