Wurk oan A7, Snits - De Jouwer

23 apr 2007 - 11:59
  • Troch wurk oan de dyk mooglik gruttere files by De Jouwer

Fan moandei ôf wurket Rykswettersteat oan de sneldyk tusken Snits en de Jouwer, de A7. Oant en mei 13 july bringt Rykswettersteat nij asfalt oan op 'e dyk.

It ferkear kin der by lâns, mar de rydstroken binne wol ferskood en smeller. Fan ein juny ôf binne der ek ferskate op- en ôfritten ôfsletten. It ferkear moat rekken hâlde mei ekstra lange files.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)