Wurk oan A32 wer klear

17 des 2008 - 10:28

It wurk oan de A32 tusken Stienwyk-Noard en Teridzert is sa goed as klear. Der wurdt noch inkelde dagen wurke oan it fuortheljen fan tydlike ferljochting en dykôfskieding en it tichtsjen fan gatten yn 'e fangrail.

Fanwege dat wurk binne noch net alle rydbanen iepen, mar nei it wykein is de ferkearssituaasje wer gewoan. Sûnt augustus wiene der wurksumheden oan de dyk oer in lingte fan 10 kilometer. De A32 yn súdlike rjochting wurdt yn 'e maaitiid fan 2009 oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)