Wurk Jopie Huisman op feiling

06 sep 2002 - 00:00

Der komme trije pintekeningen en in beskilderd board fan Jopie Huisman op 'e merk. De tekeningen binne taksearre op sawat 9000 euro it stik.

De stikken komme fan takom wike moandei ôf ûnder de hammer by feilinghûs Ald Fryslân yn Snits. Se binne yn it wykein dêr te besjen. Der wurdt in soad publyk ferwachte, om't it wurken binne út in partikuliere kolleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)