Wurk Heliconwei leit op skema

19 maaie 2010 - 11:45

It wurk oan de Heliconwei yn Ljouwert leit wer op skema. Dat meldt de gemeente. Troch de strange winter wie fertraging ûntstien. Dy is ûnder oare ynhelle troch in tal wykeinen troch te wurkjen. De kommende tiid wurdt it definitive asfalt op de dyk oanbrocht, neffens de gemeente is dan de slimste ferkearshinder oer.

De Heliconwei makket diel út fan de rûnwei om Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)