Wurk Heak set útein

15 mrt 2011 - 22:25

It wurk oan de Heak om Ljouwert giet los. Der is jierren oer praten, der is tsjin protesteard en der binne plannen oanpast, mar de lêste tûkelteammen binne no opromme.

It projekt set útein mei de oanpassing fan it stik dyk tusken de Werpsterhoeke en de brêge by Goutum en kostet dik twa miljoen euro. De strjitwei wurdt in leane: in stillere stêdsdyk. Tagelyk wurdt begûn mei it wurk oan de Heak tusken de Werpsterhoeke en Marsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)