Wurk Headamsbrêge begûn

23 jan 2011 - 11:30

De gemeente Smellingerlân is begûn mei in opknapbeurt fan de Headamsbrêge by Aldegea. Dêrby wurde ûnder oare it elektryske diel fan de brêge en it brêgedek fernijd, oare ûnderdielen wurde opknapt.

It wurk is dit wykein begûn mei it útelkoar heljen fan de brêge, doel is dat er ein maart wer ynelkoar set wurdt. Oant dy tiid kin ferkear oer in needbrêge. Dy kin oan 'e kant fearn wurde as der skippen lâns moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)