Wurk Haak oernaam troch Value8

03 okt 2012 - 10:08

De aktiviteiten fan Haak op De Gordyk wurde oernaam troch Value8. It bedriuw ferwachtet dat de trochstart fan Haak wurk biede kin oan 20 personielsleden. Ek de hjoeddeistige direkteur Freddy Haak bliuwt ferbûn oan de ûndernimming. It masinefabryk Haak waard twa wike lyn fallyt ferklearre. By it bedriuw wurken 25 minsken. Haak makket ûnderdielen foar masines en leveret oan bedriuwen yn binnen- en bûtenlân. Neffens Peter Paul de Vries fan Value8 is der in goede takomst mooglik foar it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)