'Wurk genôch yn de glêstúnbou'

01 apr 2006 - 13:01

Yn de takomst gean mooglik folle mear Friezen oan it wurk yn de glêstúnbou. Dat seit Duijser fan it lanlik produktskip Túnbou. In protte túnkers komme út it Westlân wei nei it romme Fryslân. Dêr is noch wol romte foar útwreiding. Mei de komst fan de grutte bedriuwen soene der ek mear minsken oan 'e slach kinne.

Túnkers yn Noardwest-Fryslân hawwe sneon iepen dei. Kassen yn Beltsum en Bitgum binne ûnder oare iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)