Wurk foar minsken mei bijstân

13 des 2006 - 11:10

Bedriuwen dy't foar in lange termyn wurkleazen yn tsjinst nimme wolle, krije fan de gemeente Ljouwert earder de gunning fan in projekt tawiisd. Dat hat wethâlder Marco Florijn bekend makke. Ljouwert wol mei dizze wurkwize yn de kommende fjouwer jier minimaal 500 minsken út de bijstân weihelje.

Ljouwert is ek dwaande minsken in baan oan te bieden. No freed tekenje hûndert minsken út de bijstân in kontrakt by in Ljouwerter ûndernimmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)