Wurk fine mei beheining

18 jul 2008 - 12:29

It projekt fan de provinsje om minsken mei in beheining oan it wurk te krijen, is in grut sukses. De provinsje jout dizze groep in jier wurkûnderfining sadat se dêrnei trochstreame kinne op de arbeidsmerk.

Fan de 100 dielnimmers hawwe 65 minsken in baan fûn. Faak hat dizze groep wol in goeie oplieding, mar komme se net troch de sollisitaasjeproseduere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)