Wurk Coopmanshûs nei Martenahûs

31 mrt 2004 - 00:00

De kolleksje fan museum it Coopmanshûs krijt lang om let in nij plak. De gemeente Frjentsjerteradiel lûkt oardel miljoen euro út foar de ferbouwing fan it Martenahûs yn Frjentsjer. Dêr moat de kolleksje fan it museum yn komme.

Dat hat de ried tiisdei besluten. It beslút moast gau nommen wurde om noch yn de beneaming te kommen foar subsydzje. De gemeente hat te min jild om sels de hiele ferbouwing fan de monumintale stins te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)